Froukje's weblog
Welkom op mijn reisweblog
Froukje's weblog
Welkom op mijn reisweblog
Welkom op mijn reisweblog! Lees hier alles over mijn belevenissen tijdens mijn reis.
Wat giet de tiid dochs ferhipte fluch! Ik fermeitsje my tige. Ik ha it hjir suver mar drok! Ik sit no yn in hostel wer ' t ik aardich "under de tumme sit" ! Om 21.30 oere giet de doar ticht en om 22.30 oere moat it ljocht al ut weze. Ik lei justerjoun noch efkes te lezen, mar om 22.45 oere waard der op myn doarp kloppe. It ljocht moast ut. Ik snap hielendal neat fan dizze rigel. Ik foun it suver mar fernederjend, dat dat jonge minske my efkes sizze moast dat it ljocht ut moast. Hjir bifakearje allinne mar folwoeksen froulju. Nouja, it is wol in katolyl hostel, " de frou des huizes" moat ek in non weze. Sa is se net klaaid, mar sa neame se har wol. No bin ik meastal moarns wol yntiids fan ' t bed of, dus bin ik jouns no ek net al te let, dus sa slim is it no ek wer net.It is hjir skjin en it is in moai goedkeap plakje! It iten is hjir fierder furrukkulluk. Iten is hjir wol belangryk. Se freegje my faak as ik wol iten ha! En sy skeppe hjir hjir dikke boarden fol op en faaks noch wol in kear. Ofroune wikein bin ik wer efkes as toerist de hort op west. Ik bin nei wer in pear moaie tempels west. De iene waard Krishna fereare. Ik bin mei al de oare pelgrims mei yn ' e rige gien om dize god ek te sjen. Mei noch in pear oare goden, dat soe femylje fan Krishna weze. In man dy't flak foar my yn ' e rige stie hat it my moai efkes utlein. Op bleate fuotten fansels! En dat foel net ta, want op ' e dyk, flak by de tempel wie it ferrekte hyt under de fuotten.Ik bin ek wer efkes nei it stran west, sjoen wer as de tzunami yn 2004 hjir ek taslein hat. Der stienen hiele grutte needgebouwen, mei rigen en rigen " hokjes" oan 'e elkoar. Ik waard troch in mantsje dy' t fisker wie, utnoege om efkes mei nei syn tidelik hus te gean. Hy woe myn leeftyd efkes riede, hy sei 10 jier minder! Doe't ik syn leeftyd riede moast siet ik fergemie 10 jier te heech. Dat fielde wol wat nuver. Ik kin dat ek net, en alhiel net by donkere minsken. De man wenne der u.o. mei twa fan syn susters en in pear bern. Se hienen twa keamers ta harren beskikking, sliepten der mei syn achten! Der wurdt in grut nij flat boud wer ' t se letter hinne ferhuzje! De man gie moarns betiid de see op en komt dan om in oere as njoggen werom. Hy fisket faaks op sardientsjes. Hy hie in omke ferlern mei de tzunami. It wie wol yndrukwekkend om der te wezen en te sjen hoe as de minsken der no libben. Se wienen alles kwytrekke. Ek syn boat. Hy hat no wer in oare boat trochdat oan harren in krediet liend is.Doe't ik wer fuort gie, sei hy dat as der wat wie, ik him altyd skilje koe.
Fannewike ha ik wer in nije oplader foar myn kamera kocht. Dy wie ik kwytrekke (siet u.o. yn myn rechsek). Ik wie tige bliid dat ik wer ien krije koe!! Ek ha ik wer in nije rechsek kocht. Hjir is in winkelcentrum dat allemachtich grut en oerdweelsk is, mei airco. It binne myn plakken oars net, mar net ferkeard om der ris te sjen.
Jouw reisweblog?
Wat is jouw allerbeste foto? Deel hem nu op MyBestShot.com
Mijn reizen
India
06-12-11 : Tiruvannamalai
05-12-11 : werom fan de trip
04-12-11 : Mamalapuram
01-12-11 : Pondycherry
28-11-11 : Chennai
27-11-11 : trouwerij yn ' e tempel
26-11-11 : Hostel celebration day
26-11-11 : efkes op stap yn Chennai, 26 nov.
26-11-11 : 25 novimber 2011
25-11-11 : winkelje
25-11-11 : mei de bus
17-11-11 : Sikehus Chennai
21-11-11 : wikein 19 en 20 november 2011
17-11-11 : Chennai
16-11-11 : Chennai
10-11-11 : Chennai, myn earste yndrukken
19-10-11 : Binnenkoart nei India
Mailinglist
Houd me op de hoogte van Froukje's nieuwe berichten!
Geef Froukje meer ruimte!
Het ideale cadeau voor de reiziger: meer ruimte voor foto's! Al vanaf € 9,95! Geef Froukje extra ruimte!







Beheer je weblog