laden...
 

Froukje's weblog

Welkom op mijn reisweblog

Welkom op mijn reisweblog! Lees hier alles over mijn belevenissen tijdens mijn reis.




NOV
17

Chennai

India India Meer uit India donderdag 17 november 2011

Ik sit goed yn ' e frouwewereld. Yn it hostel bifakearje allinne mar frouwen. Ik ha suverkrekt noch efkes mei ien praten. In jong fanke fan 23, dy't hjir oan ' e study is."Accountancy".  Sy komt ut Delhi. Oer in dik jier soe se klear weze. Mar sy is net sa hastich. As se werom nei Delhi giet soenen har alders wolris in man foar har sykjen geane. Sy hat der net folle oer te sizen. As der ien foar har " utsocht"  is geane se ien joun mei elkar op stap en dernei mei se beslute as sy wol as net mei him trouwen giet. Op myn frach wat sy hjir fan fynt, hellet se har skouders op en seit: " it's our culture". En op myn frach as sy nei har trouwen ek oan it wurk gean kin seit sy:  Dat hinget fan har man en fan har skoanalders of, as dy dit talitte. It liket derop dat har miening net meitelt! It griist my oan!! Hoewol it hjir wol stadichoan feroaret, sit it " uthuwelikjen"  noch tige djip yn dit lan. Komt dochs noch hiel faak foar!

De frouwen hjir yn it hostel komme fanut alle wynstreken fan India wei. Guon studearje en der binne ek guon dy't hjir oan de arbeid binne en dan hjir "wenje". Faaks redelik hege funksjes, sa as dokter, accountant, managers. Ek in fanke is manager oer in saak dy't per tillefoan problemen oplost mei computers/ynternet. En dat fan computerproblemen dy't yn Amearika as Ingelan spylje!! Ik hie der al ris oer lezen en no meitsje ik it fan tichte by mei!

ofroune snein bin ik mei in " hostelgonger"  mei har mei west nei de preek: pinkstergemeente. Fergemie ik hie net tocht dat it mear as 3 oeren duorje soe.

Der waard in protte songen en yn ' e hannen klapt. Se sitte op matten op ' e groun, frouwen apart fan de mannen. It oantal frouwen is grutter as de mannen (sa'n twatredde part is frou). De measten binne wyt un ' e pronk, hiel netsjes.

Der wurdt ek ut ' e bibel lezen: yn 3 talen. Troch in oantal wurde der ek oantekeningen makke, se ha in penne en skrift meinaam. Ik hie ek in plastic taske mei in eng.bibel en in penne en in stik papier meikrigen. Ik ha it yntiid mar brukt foar myn deiboek. it duorre my allegear lang genoch!

Hjirnei ha we in bakje kofje dronken en doe loadste de frou my mei nei in griente- en fruitsaak. Sa kocht in taske fol mei fruit en dat moast ik fan har ha. Dat kaam my ferhipte oerdweelsk oer. Sa hoechde dit net foar my, mar ik koe der fierder neat oan dwaan.

Snein fierder net fier fan it honk west. Ik ha in ynteressant boekje lezen oer Vivekananda. Dat ha ik foarige wike kocht yn it theosofisch museum dat hjir yn Chenai stiet. Yn in hiele moaie rustige buert, wer't je de fugels sjongen hearre. Efkes gjin kabal fan drok ferkear. Vivekananda is in hiele bekende, wize man, dy't yn India libbe hat. Hy is mar 39 jier wurde, ferstoarn yn 1902. Hjir en der yn India steane stanbylden en yn Chennai is ek in museum oer de man. Dat ha ik al besjoen. Ik woe syn boadskip efkes leze. Hy is destiids ek yn Amearika en Ingelan en yn Europa west, de minsken wienen wei fan syn speeches.

It komt der yn it koart op del dat alle spirituele richtingen uteinlik utkomme op itselde. Hy makke de fergeliking fan de ferskillende rivieren dy't allegear yn deselde osean utkomme. Ik fyn dat wol in moaie gedachte.

 

 

Delen op Hyves

Careplus







Typ de code uit het plaatje hierboven over. Zo houden we spammers tegen
Smile Wink Cool Razz Confused Shocked Huilen redface

Er zijn nog geen reacties op dit bericht, dus zorg dat je de eerste bent!

Jouw reisweblog?

.shareyourstory.nl

Wat is jouw allerbeste foto? Deel hem nu op MyBestShot.com

Mijn reizen

India

India

06-12-11 : Tiruvannamalai

India

05-12-11 : werom fan de trip

India

04-12-11 : Mamalapuram

India

01-12-11 : Pondycherry

India

28-11-11 : Chennai

India

27-11-11 : trouwerij yn ' e tempel

India

26-11-11 : Hostel celebration day

India

26-11-11 : efkes op stap yn Chennai, 26 nov.

India

26-11-11 : 25 novimber 2011

India

25-11-11 : winkelje

India

25-11-11 : mei de bus

India

17-11-11 : Sikehus Chennai

India

21-11-11 : wikein 19 en 20 november 2011

India

17-11-11 : Chennai

India

16-11-11 : Chennai

India

10-11-11 : Chennai, myn earste yndrukken

Nederland

19-10-11 : Binnenkoart nei India

Mailinglist

Houd me op de hoogte van Froukje's nieuwe berichten!


Geef Froukje meer ruimte!

Fotoruimte Het ideale cadeau voor de reiziger: meer ruimte voor foto's! Al vanaf € 9,95! Geef Froukje extra ruimte!