Froukje's weblog
Welkom op mijn reisweblog
Froukje's weblog
Welkom op mijn reisweblog
Welkom op mijn reisweblog! Lees hier alles over mijn belevenissen tijdens mijn reis.
Ik bin al wer in wike onderweis! Freed 4 novimber bin ik oankaam yn de sted Chennai (Madras). Ik bin earst mei in buske fanof it fleanfjild nei it sintrum gien. Ik trof it tige: ik siet neist in hiel aardich fanke dy't hiel earlik praatte oer har depresjes. Se wenne no yn Delhi en wie no op wei nei har alders en broer. Se noege my ut om by har thus te kommen en by harren te iten. Dat ha ik dien. ik wie tige wolkom en ik krige fanalles te iten mei Hema, sa as sy hyt. Hjirnei regele se in tukrtuk foar my om nei in slieperijtsje te gean. Dat betearde earst net sa goed, want wat yn myn reisboek stie, dat wie der net mear. Mar al mei al ha ik wol in goed plakje foun. De earste 2 dagen bin ik der west, flak by in stasjon, folle drokte. It reinde de earste dagen nogal bot, de strjitten stienen soms blank, en guon strjitten wienen sels ofsluten. De plysje stie yn in lange wite reinjas, op bleate fuotten midden yn it wetter it ferkear te regeljen. Ik ha hjir in moai skoft nei stien te sjen. Smoardrok. De oare deis flink utsliept en de middeis bin ik mei in tuktuk efkes op stap west: earst in bekend fort besjoen wer ' t no in museum yn sit, in alde anglikaanske tsjerke en it Vivakananda museum. In hiele bekende filosoof! Ik hie der wol fan heard. Prachtige skilderijen yn dat museum en oer it libben fan dizze wize man. Yn de VOC tiid waard yn dat gebouw iisblokken bewarre. Ek efkes by itbrede stran sjoen. Mannen dy't mei de fiskersnetten oan ' e gong wienen. Ek in prachtige alde tempel besjoen ter eare fan de god Shiva. " Net-Hindoes" mochten der net yn. Op bleate fuotten der om hinne. De mannen fan de tuktuk woenen beslist dat ik nei in winkel gie te sjen! Ik hoechde neat te keapjen mar se stienen der op dat ik it die. En net nei ien, hjir nei nei noch in pear. Dat ha ik wegere. Ik moast de oare nacht ferhuzje want it elektrisch die it net yn myn hostel.
Snein bin ik ferhuze nei in oar hostel mei de tuktuk der hinne. Hjir hie ik dikke pech! Myn rechsek is weirekke. Fierder sit ik no yn in hiel kreas hostel, mei allinne mar froulju. De measten binne oan it wurk en guon binne oan it studearjen. Ek folle dokters en managers sitte hjir. Nirmal hat my ontfongen, sy werkt ek by it sikehus wer ' t ik hinne sil. Sy is tige soarchsum oer my. Fia Nirmal ha ik ek wer mei oare leuke froulju kennis makke. It iten is hjir geweldich. Ik fyn it hearlik. 3 kear deis riis mei allerhande ferskillende lekkere griente, kinst ek fleis krije, mar dat nim ik net graach, alhiel net yn in hyt lan. Ik fermeitsje my tige by tige!
Jouw reisweblog?
Wat is jouw allerbeste foto? Deel hem nu op MyBestShot.com
Mijn reizen
India
06-12-11 : Tiruvannamalai
05-12-11 : werom fan de trip
04-12-11 : Mamalapuram
01-12-11 : Pondycherry
28-11-11 : Chennai
27-11-11 : trouwerij yn ' e tempel
26-11-11 : Hostel celebration day
26-11-11 : efkes op stap yn Chennai, 26 nov.
26-11-11 : 25 novimber 2011
25-11-11 : winkelje
25-11-11 : mei de bus
17-11-11 : Sikehus Chennai
21-11-11 : wikein 19 en 20 november 2011
17-11-11 : Chennai
16-11-11 : Chennai
10-11-11 : Chennai, myn earste yndrukken
19-10-11 : Binnenkoart nei India
Mailinglist
Houd me op de hoogte van Froukje's nieuwe berichten!
Geef Froukje meer ruimte!
Het ideale cadeau voor de reiziger: meer ruimte voor foto's! Al vanaf € 9,95! Geef Froukje extra ruimte!







Beheer je weblog