laden...
 

Froukje's weblog

Welkom op mijn reisweblog

Welkom op mijn reisweblog! Lees hier alles over mijn belevenissen tijdens mijn reis.




NOV
26

Hostel celebration day

India India Meer uit India zaterdag 26 november 2011

Fanjoun wie it dus "hostel celebration day". Dat skynt ien kear yn ' t jier te wezen. In dik oere wie der in programma: " prayer song", prayer dance, welcome speech, solo dance (dat wie prachtich, yn hiele moaie klean die ien fanke in moaie douns op musyk, spesjale douns ut dizze kontreien), nochris in groupsong ( 4 froulju dy't songen), group dance (4 moaie frouwen yn prachtige klean, dounsen op musyk), in douns fan sa'n 6 jonge jonkjes, in tonielstik oer it ferhaal fan de berte fan Jezus, de " father" ( is dat in priester?) hie in taspraak en hy dielde kadootsjes ut oan de bern en oan de meiwurkers fan it hostel. Hjirnei krigen we in furrukkuluk miel. In grut board fol mei 2 ferskillende soarten riis in soart fan pannekoek, sa'n 3 soarten kurrys, sipel yn wyt focht en in swiet hapke. Ik koe myn fingers der wol by op ite. No dat die ik ek noch hast, dizz'kear wie it wer mei de hannen ite. Gelokkich ha ik altyd myn " hangel" (desinfectans)  by my, oars fyn ik it net fris om mei de han te iten, mei de rjochter wol te ferstean. Ik foun it net sa maklik om de "pankoek"  mei ien han stikken te krijen. As it iten klear is en se sitte noch efkes te nei praten, dan bliuwt de rjochter han efkes yn de lege panne steunen, oant hy onder de kraan ofspield wurde kin. We krigen in gleske wetter en in ijsko nei. In slokje is der net by. Dat ha ik hjir noch net iens han! Soms ha ik wol sin oan in iiskald bierke as ik werom kom fan it sikehus, foaral as ik werom kom fan de busrit en is it waarm. Dit is in katolyk hostel en de rigels binne mar wat streng. Myn bern ha op dit stuit mear frijhyd as my!! Mar se dogge fierder ek wol hiel goeie dingen hjir. Sa ha se twa bernehuzen dy't se fersoargje. Skynt ek stipe te wurden troch donors....

Delen op Hyves

Careplus







Typ de code uit het plaatje hierboven over. Zo houden we spammers tegen
Smile Wink Cool Razz Confused Shocked Huilen redface

Er zijn nog geen reacties op dit bericht, dus zorg dat je de eerste bent!

Jouw reisweblog?

.shareyourstory.nl

Wat is jouw allerbeste foto? Deel hem nu op MyBestShot.com

Mijn reizen

India

India

06-12-11 : Tiruvannamalai

India

05-12-11 : werom fan de trip

India

04-12-11 : Mamalapuram

India

01-12-11 : Pondycherry

India

28-11-11 : Chennai

India

27-11-11 : trouwerij yn ' e tempel

India

26-11-11 : Hostel celebration day

India

26-11-11 : efkes op stap yn Chennai, 26 nov.

India

26-11-11 : 25 novimber 2011

India

25-11-11 : winkelje

India

25-11-11 : mei de bus

India

17-11-11 : Sikehus Chennai

India

21-11-11 : wikein 19 en 20 november 2011

India

17-11-11 : Chennai

India

16-11-11 : Chennai

India

10-11-11 : Chennai, myn earste yndrukken

Nederland

19-10-11 : Binnenkoart nei India

Mailinglist

Houd me op de hoogte van Froukje's nieuwe berichten!


Geef Froukje meer ruimte!

Fotoruimte Het ideale cadeau voor de reiziger: meer ruimte voor foto's! Al vanaf € 9,95! Geef Froukje extra ruimte!