laden...
 

Froukje's weblog

Welkom op mijn reisweblog

Welkom op mijn reisweblog! Lees hier alles over mijn belevenissen tijdens mijn reis.




DEC
1

Pondycherry

India India Meer uit India donderdag 1 december 2011

Tiisdei bin ik efkes foar in pear dagen nei Pondycherry west. In lange rit. Earst mei 2 ferskillende bussen yn de sted reisgje en dernei de bus nei Pondy nimme. Mear as 4 oeren yn de leste bus sitten. Mar it ferfeelde my neat. Yn it begin wie it noch allegear drokte fan de sted en letter kamen we langs de riisfjilden en doarpen. Ik seach dat guon ossen de hoarnen ferve hienen. Ien hoarn grien en de oare read. Letter seach ik ek guon dy't beide hoarnen blau opfevere wienen. Sa no en dan in ossekar. Ek in oantal kearen auto's, lyse frachweintsjes dy't bomfol mei kij stalt wienen.....

Yn Pondy oankaam bedarre ik al gau by in moaie tempel, wer ' t de Ganesh fereard wurd. Ganesh sjocht der diels ut as in oaljefant. By de yngong stie ek in echte oaljefant, dy't optuugd wie. Syn kop wie fersierd mei gekleurde tekens en hy hie kettingen om ' e nekke en ek noch sieraden om syn dikke poaten. De oaljefant krige geregeld iten fan de tempelgongers en dan tikke de oaljefant efkes mei syn slurf op de holle fan de tempelgonger. As wie hy oan it segenjen. De minsken stienen dan mei de hannen " gear", holle foaroer. Ek waard der wolris in "10 roepies briefke"  joun en dan joech de oaljefant dat efkes oan " syn baas"  dy't by him stie as siet. Binnen yn de tempel wie it smoardrok. Hjirnei bin ik nei in " ashram gebou"  west, flak by de tempel. Omdat ik efkes wachtsje moast ha ik efkes winkele. Doe't it om 14 oere iepen wie wienen der al gauachtich in hiele protte minsken.Op bleate fuotten en yn stilte nei binnen. Der stie doe in prachtich marmeren "plaat" under in grutte beam mei hiel folle moaie blommen opmakke, yn in hiele moaie tun. De minsken rekken de plat oan en/of de blommen, bugden, leinen der op ' e knibbels by en wienen der sa in skoft yn stilte. Ik wist earst net wat ik der oan hie, ik wist earst net wat dit betsjutte! Ik sil my der wol efkes stuntelig gedroegen ha! Nei in moai skoft waard de ploech nei in geboutsje loadst, wer ' t allerhande boeken en kaarten yn hiel folle talen te keap wienen. 3 minsken sieten achter in tafel. De earste persoan telde op wat der betelle wurde moast, de twadde moast it jild ha en de tredde joech it kochte boek yn papier oan. Ik ha efkes om ynformaasje frege. Foar 2 R. koe ik in plattegroun keapje mei de ferskillende ashramlokaasjes. Doe waard my alles in stik dudliker! Sri Aurobindo hat hjir 40 jier libbe, hat hjir yoga yntrodusearre. Yn 1950 hat hy " left his body". En " the mother"  hat syn ideeen nei syn dea fierder trochsetten en is hjir ek ferstoarn. The mother is fanut Pays hjir hinne rekke en hat Sri Aurobindo hjir kennen leard  Harren omskot leit hjir dus yn dy tun mei dat moaie marmeren ding. Hjirnei bin ik nei in adreskie gien wer ' t in frou yn yoga les jout. De doar wie ticht, mar it minske hie my heard en kaam by de doar, krekt it hier yn de swarte ferve. It swartsel siet op har foarholle. Se ferontskuldige har en doe gie se my moai utlizzen wat se allegear docht! It wie in hiel ynteressant en hiel aardich minske! Se docht u.o. oan numerologie en jout les yn itensieden en sy jout yoga les. Ik moast myn namme opskriuwe mei myn geboarte datum en dan soe se dat bestudearje........ En ik ha my opjoun foar 2 lessen yoga. Hjirnei ha ik efkes rounstrund by de boulevard, oan de Golf fan Bengalen. Der stiet in grut byld fan de wize man Mahatma Ghandi. Doe moast ik noch in sliepplakje sykje. It guesthouse fan de ashram flak by see koste mar even 1200 R. Dat gie my te mal en ik ha fierder socht. En hawar, der foun ik in guesthouse mei de namme "Mother's room" en koe hjir sliepe fan 300 R. Dik ynoarder. 

Om 19.25 wie it gesamenlik meditearen by itselde ashramgebou as fannemiddei. Omdat ik te betiid wie ha ik noch mar efkes in bakje kofje helle. De meditaasje wie op itselde plak: neist it marmeren "gefal" mei de blommen stie in lange " bak" fan sa'n 2 meter lang en 20 cm breed dy't fol stie mei branende wierookstokjes It wie in hiel bysunder gesicht yn it donker: seachst it reade fjoer fan de wierookstokjes en de reek dy't troch de wyn hinne en wer waaide, ek oer de greven. Mei de stilte fan al dy minsken der omhinne wie dat in bysundere sfear.. Doe't de tiid "om"  wie rinkele der in beltsje en gie it ljocht oan. Stadich oan  gienen de minsken oerein en de measten gienen wer knibbeljen by de greven. Ek guon dienen rituelen mei branende wierookstokjes (bewegingen meitsje) en de blommen op de greven waarden oanrekke en dernei de holle en kin en/of boarst. Guon sieten as stienen in moai skoft by de greven. En alles yn stilte.

 

Hjirnei ha ik in iterijtsje opsocht, net sa fier fan't honk: springrolls en in milkshake. Der siet net sa folle smaak oan, ik ha der in berch peper op dien. Ik ha dizz'kear net iens alles opiten! Dit bin ik net wend! Hjirnei hie ik de put der wol ut en ha my deljoun!

Delen op Hyves

Careplus







Typ de code uit het plaatje hierboven over. Zo houden we spammers tegen
Smile Wink Cool Razz Confused Shocked Huilen redface

Er zijn nog geen reacties op dit bericht, dus zorg dat je de eerste bent!

Jouw reisweblog?

.shareyourstory.nl

Wat is jouw allerbeste foto? Deel hem nu op MyBestShot.com

Mijn reizen

India

India

06-12-11 : Tiruvannamalai

India

05-12-11 : werom fan de trip

India

04-12-11 : Mamalapuram

India

01-12-11 : Pondycherry

India

28-11-11 : Chennai

India

27-11-11 : trouwerij yn ' e tempel

India

26-11-11 : Hostel celebration day

India

26-11-11 : efkes op stap yn Chennai, 26 nov.

India

26-11-11 : 25 novimber 2011

India

25-11-11 : winkelje

India

25-11-11 : mei de bus

India

17-11-11 : Sikehus Chennai

India

21-11-11 : wikein 19 en 20 november 2011

India

17-11-11 : Chennai

India

16-11-11 : Chennai

India

10-11-11 : Chennai, myn earste yndrukken

Nederland

19-10-11 : Binnenkoart nei India

Mailinglist

Houd me op de hoogte van Froukje's nieuwe berichten!


Geef Froukje meer ruimte!

Fotoruimte Het ideale cadeau voor de reiziger: meer ruimte voor foto's! Al vanaf € 9,95! Geef Froukje extra ruimte!