laden...
 

Froukje's weblog

Welkom op mijn reisweblog

Welkom op mijn reisweblog! Lees hier alles over mijn belevenissen tijdens mijn reis.




NOV
17

Sikehus Chennai

India India Meer uit India donderdag 17 november 2011

Ek yn it sikehus bin ik yn in frouwenwereld: de pasjinten binne allegear frouwen. Sy komme fanut alle wynstreken fan India. Se binne allegear yn ferwarde tastan fan strjitte helle. Sa'n 19 jier lyn ha destiids 2 studinten dit opsetten. Se seagen dat der hielendal gjin help wie foar frouwen dy't op strjitte wienen en psychisch hielendal yn ' e war wienen. En dat is dus no groeid nei in sikehus dat no frouwen opnimt fanut hiel India. Wat in geweldige minsken wienen dat!!!  Yn dit sikehus binne no sa'n 190 frouwen opnaam.

Ik begjin no in lyts bytsje de struktuur fan it  werken hjir te sjen. It is yndrukwekkend en tagelyk ek wer hiel oandwaanlik wat hjir allegear gebeurt. Yntiid begjinne de frouwen my ek al wat te kennen en komme se faak op my ta. Wat binne se allegear noch siik. Wat ik hjir hiel moai fyn is dat as it kin se hjir yn it sikehus meiwerke. Sa as skjinmeitsje as yn ' e keuken meihelpe. Dan krije se ek noch in pear sinten hjirfoar. En  hjir binne ek therapieen te dwaan. Der binne oerienkomsten mei us, mar ek ferskillen. Sa is it nivo fan opleiding fan de faak hiele jonge famkes net sa heech. De famkes komme faak ut 'e doarpen wei.  En sy binne wol yn in groep mei sa'n 25 sike froulju!

Der is hjir foar my wol in handicap: lang net elkenien kin ingels prate, dat fyn ik wol hiel spitich!

Ik ha al in oantal kearen meidien mei de aktiviteiten therapie. Ik ha sels mar in pear skjirkes, papier, stiften, plaksel e.d. kocht. Der is wol wat foar hannen, mar net it allermeaste.

Wat ik hjir ek wol  moai fyn is dat se moarns altyd om 10 oere "praying"  ha. Der wurdt in moaie CD opsetten mei moaie relax musyk en der wurdt ek by praten, mar dat kin ik net ferstean.

Ek is der ien kear yn ' e wike " dounsjen" mei musyk. Prachtich om te sjen hoe as guon hjir op reagearje. In leuke therapie.

Wat my opfalt is dat se hjir in hiele protte ferskillende boeken ha wer ' t se wat yn skriuwe/rapporteare. Komt my wol wat oerdweelsk oer. (mar dit is ek wol bekend yn India)

Moarn sil ik in dei mei de ferpleechkundige meirinne. Ik bin benijd.

Ik bin wol in dik oere onderweis nei myn wurk. Earst in eintsje nei de bushalte rinne en dan is it dik 40 menuten mei de bus en dan noch ong.in kilometer rinne nei it sikehus.

As ik let bin, foaral op '; e weromreis, dan is it hielendal slim. Smoardrok mei ferkear en soms sit de boel hast fest, want dan stiet it ljocht al op grien en binne de oaren noch net fuort. Dan wurdt der omrak toetere , mar dat jouwt fansels hielendal neat. Ek ien kear sjoen dat der in brommer wer omheech takele waard. De mannen soenen op ' e fuist. Yntiid koe myn bus gelokkich wer fierder sadat ik dat net mear sjoen ha.

Delen op Hyves

Careplus







Typ de code uit het plaatje hierboven over. Zo houden we spammers tegen
Smile Wink Cool Razz Confused Shocked Huilen redface

Jannie

Geplaatst op 18 november 2011

Drie uren op de vloer zitten in een kerk, verplicht vroeg slapen, de rugzak kwijt. Froukje, het geeft niks, jij hebt weer de tijd van je leven. Maar van die rugzak zal je erg geschrokken zijn, dat zijn heel vervelende dingen. Dat zal je niet weer gebeuren denk ik. Ik hou het nu kort, want dochter en vriend zijn net gekomen. Ze eten vandaag stamppot boerenkool met ons mee. Ja...dat moet jij nu missen! Vandaag nog werken, l.d. Ik laat zeker weer wat horen. Hart. groet, Jannie.

Jouw reisweblog?

.shareyourstory.nl

Wat is jouw allerbeste foto? Deel hem nu op MyBestShot.com

Mijn reizen

India

India

06-12-11 : Tiruvannamalai

India

05-12-11 : werom fan de trip

India

04-12-11 : Mamalapuram

India

01-12-11 : Pondycherry

India

28-11-11 : Chennai

India

27-11-11 : trouwerij yn ' e tempel

India

26-11-11 : Hostel celebration day

India

26-11-11 : efkes op stap yn Chennai, 26 nov.

India

26-11-11 : 25 novimber 2011

India

25-11-11 : winkelje

India

25-11-11 : mei de bus

India

17-11-11 : Sikehus Chennai

India

21-11-11 : wikein 19 en 20 november 2011

India

17-11-11 : Chennai

India

16-11-11 : Chennai

India

10-11-11 : Chennai, myn earste yndrukken

Nederland

19-10-11 : Binnenkoart nei India

Mailinglist

Houd me op de hoogte van Froukje's nieuwe berichten!


Geef Froukje meer ruimte!

Fotoruimte Het ideale cadeau voor de reiziger: meer ruimte voor foto's! Al vanaf € 9,95! Geef Froukje extra ruimte!