laden...
 

Froukje's weblog

Welkom op mijn reisweblog

Welkom op mijn reisweblog! Lees hier alles over mijn belevenissen tijdens mijn reis.




NOV
26

efkes op stap yn Chennai, 26 nov.

India India Meer uit India zaterdag 26 november 2011

Fannemoarn om goed 9 oere wie ik al mei Nirmal de hort op. Se soe mei my nei in soart fan park, in ein fierderop oan de rane fan de sted. Earst nei in tsjerke en in tempel, dy't flak by it stran stienen. 

" The Velankanni church". Der wie ek in plak mei in pear bylden wer't in hek foar wie en oan de hek wienen toutsjes boun, dat hienen froulju dien mei de winsk om de juste partner te krijen... En der wienen ek in pear houten dinkjes, wer ' t in plestyk popke yn lei, dat hong ek oan dat hek. Dat wie der delhong om te bidden foar in bern......... Fierder hongen der ek noch in protte slotten oan in ketting oan it hek. Nirmal wist earst ek net wat dat betsjutte en sy hat dat efkes neifrege:  bidde om in hus..... Hjirnei binne we nei in Hindoetempel west, flak yn de buert fan dizze tsjerke: Ashta Lakshmi tempel. Yn ferskillende plakken yn de tempel steane  ferskillende gedaantes fan de god Lakshmi. Skuon moatte altyd ut yn de tempel. Boppe yn de tempel hiest in pracht utsicht oer de see. ( de golf fan Bengalen). De loften wienen tige driigjend en de see wie aardich woest. It duorre net sa lang as it begoun te spielen. We soenen in paraplu meinimme, mar dy hienen we fergetten. We wienen dweil trochwiet. We rounen troch de wetterplassen op it tempelplein. We ha letter ek noch efkes skule by in lyts winkeltsje wer ek thee te krijen wie. We hienen doe it utsicht op in hus, werfan it wetter fan it dak ofspielde. De frou des huizes hie ferskeidene amers en grutte potten foar hus stean om it reinwetter op te fangen. We soenen nei it park, mar omdat it sok wiet waar wie binne we wer yn de bus setten. Nirmal moast har nije pronk noch ophelje, foar moarn om op de trouwerij oan te ha. Doe ha we efkes yn in hiel drok restaurant iten. Furrukkulukku dosa han. It is in soart fan hiele tinne pannekoek en derby krigen we in pear skaaltsjes mei hearlike sauskes. It siet op in panne werop in moai bananebled lei en derop de dosa.  Wer ris hiel wat oars as de riis fan elke dei, hoewol ik dat ek noch hieltyd lekker fyn!! En dat faaks 3 kear deis. Ik mis de bintsjes hielendal net!! Ik ha hjir noch mar 2 kear in stikje bole han. En dan mei in soart fan kurry.....Hjirnei binne we nei in winkel west en ha we in kadootsje foar de trouwerij foar moarn kocht: In kofje/theepot, 6 kopkes en pantsjes en in sukerpotsje en in molkkantsje.............. Hjirnei bin ik nei it hostel gien en Nirmal moast noch efkes nei de schoonheidspesjaliste ta..........

Delen op Hyves

Careplus







Typ de code uit het plaatje hierboven over. Zo houden we spammers tegen
Smile Wink Cool Razz Confused Shocked Huilen redface

Er zijn nog geen reacties op dit bericht, dus zorg dat je de eerste bent!

Jouw reisweblog?

.shareyourstory.nl

Wat is jouw allerbeste foto? Deel hem nu op MyBestShot.com

Mijn reizen

India

India

06-12-11 : Tiruvannamalai

India

05-12-11 : werom fan de trip

India

04-12-11 : Mamalapuram

India

01-12-11 : Pondycherry

India

28-11-11 : Chennai

India

27-11-11 : trouwerij yn ' e tempel

India

26-11-11 : Hostel celebration day

India

26-11-11 : efkes op stap yn Chennai, 26 nov.

India

26-11-11 : 25 novimber 2011

India

25-11-11 : winkelje

India

25-11-11 : mei de bus

India

17-11-11 : Sikehus Chennai

India

21-11-11 : wikein 19 en 20 november 2011

India

17-11-11 : Chennai

India

16-11-11 : Chennai

India

10-11-11 : Chennai, myn earste yndrukken

Nederland

19-10-11 : Binnenkoart nei India

Mailinglist

Houd me op de hoogte van Froukje's nieuwe berichten!


Geef Froukje meer ruimte!

Fotoruimte Het ideale cadeau voor de reiziger: meer ruimte voor foto's! Al vanaf € 9,95! Geef Froukje extra ruimte!