laden...
 

Froukje's weblog

Welkom op mijn reisweblog

Welkom op mijn reisweblog! Lees hier alles over mijn belevenissen tijdens mijn reis.




NOV
25

mei de bus

India India Meer uit India vrijdag 25 november 2011

It reisgjen mei de bus is altyd wer in belevenis. It is hjir faaks smoardrok. As ik betiid de doar 'utgean, dan ha ik grutte kans dat ik sitte kin. Mar it bart ek wol gauris dat de bus stoppet en der mar in pear minsken mear by kinne. Dan sit de bus groatfol en hingje sels guon oan de butekant fan de bus. Hartstikke gefaarlik.  Dan wachtsje ik mar op de folchjende bus, meastal duorret dat net sa lang. Yn de bus sitte de mannen faaks oan de rjochter kant yn de bus en de frouwen oan de linker kant. Ek as se stean moatte, steane de frouwen oan de frouwekant en de mannen by de mannen. " Dan kinne de mannen gjin kwea dwaan". Dit idee skynt wol wat oan it feroarjen weze, mar ik sjoch wol dat de measten harren der noch oan halde. Der is in sjauffeur en in kondukteur yn de bus. As it net sa drok is dan komt hy by dy del om in kaartsje te ferkeapjen. As it tige drok is, dan kinst de sinten trochjaan en rugelt it wol nei de kondukteur ta en efkes letter komt it kaartsje nei dy ta. De kondukteur hat altyd in fluitsje by him sadat hy oan de bussjauffuer oanjaan kin as hy wer fjierder ride kin. Fannewike hie ik de kondukteur 10 roepies joun en hy moast noch wat lytsjild ha. Yntiid waaide dit briefke ut syn hannen wei. Hy roun der efter oan, hy wie hieltyd krekt te let om it briefke te pakken. Uteinlik waaide myn 10 Roepies fia de iepen doar nei buten ta. In komysk gesicht wie dat. Foarige wike binne de busprizen flink omheech gien. Ik moast oars elke rit 8 roepies betelje en no ynienen hat de regearing de priis omheech smiten nei 13 roepies. In grut ferskil, hoewol dit foar us noch hieltyd in hiel lyts bedrach is! Fannewike seach ik in kondukteur dy't syn nails read lakt hie. En de mannen dy't griis wurde, fervje harren hier swart.  Hinnereis moat ik altyd mei de leste stop utstappe. Ien kear skrok ik suver, ik skynde wat te traach te wezen, ik waard der hast utjage. De bus stoppet amper as de measten steane al yn de startblokken om der ut te gean. Ik hie dat earst net yn 'e gaten. Ek om yn te stappen, moast rap weze, want sadra as de leste persoan de trap op stapt, begjint de bus al wer te riden. 

Delen op Hyves

Careplus







Typ de code uit het plaatje hierboven over. Zo houden we spammers tegen
Smile Wink Cool Razz Confused Shocked Huilen redface

Er zijn nog geen reacties op dit bericht, dus zorg dat je de eerste bent!

Jouw reisweblog?

.shareyourstory.nl

Wat is jouw allerbeste foto? Deel hem nu op MyBestShot.com

Mijn reizen

India

India

06-12-11 : Tiruvannamalai

India

05-12-11 : werom fan de trip

India

04-12-11 : Mamalapuram

India

01-12-11 : Pondycherry

India

28-11-11 : Chennai

India

27-11-11 : trouwerij yn ' e tempel

India

26-11-11 : Hostel celebration day

India

26-11-11 : efkes op stap yn Chennai, 26 nov.

India

26-11-11 : 25 novimber 2011

India

25-11-11 : winkelje

India

25-11-11 : mei de bus

India

17-11-11 : Sikehus Chennai

India

21-11-11 : wikein 19 en 20 november 2011

India

17-11-11 : Chennai

India

16-11-11 : Chennai

India

10-11-11 : Chennai, myn earste yndrukken

Nederland

19-10-11 : Binnenkoart nei India

Mailinglist

Houd me op de hoogte van Froukje's nieuwe berichten!


Geef Froukje meer ruimte!

Fotoruimte Het ideale cadeau voor de reiziger: meer ruimte voor foto's! Al vanaf € 9,95! Geef Froukje extra ruimte!