Froukje's weblog
Welkom op mijn reisweblog
Froukje's weblog
Welkom op mijn reisweblog
Welkom op mijn reisweblog! Lees hier alles over mijn belevenissen tijdens mijn reis.
Fannemoarn om goed 6 oere gie de wekker al. Nei in bakje kofje bin ik mei Nirmal mei de bus nei in Hindoe tempel west wer ' t in stel freonen fan har trouwe soenen. We wienen der om 7.30 en we moasten earst sykje wer't se wienen. It wie smoardrok yn de tempel, der wienen hiel folle steltsjes dy't hjoed trouwden. Dizze dei is in hiele goeie dei om te trouwen fanwege de stand fan de moanne, derom wie it sa drok. Der wie in priester dy't mei fan alles oan it foar bereiden wie: kokosnuten, poeierkes, blomkes, riis, bakje mei stikjes hout, touwtsjes, banaan en sa. Doe't hy hjirmei klear wie kaam earst de bregeman op in bankje by him sitten. Dy krige earst in lange sliert blommen om syn nekke en in poeierke op syn foarholle. Syn heit en mem sieten elk oan in kant fan him. Se krigen alle 3 in pear kear blomkes fan de priester yn ' e han en dy moasten sy dan wer yn in pantsje falle litte. Priester rabbele ek teksten op. Gjin idee wer ' t hy it oer hie. Doe stuts priester in pear wierookstokjes yn in banaan wer 't se in draainede beweging mei meitsje moasten. Doe 't dit ritueel klear wie, wie de frou oan ' e beurt. Omdat har mem net mear libbe, sieten har pake en beppe by har, ek elk oan in kant. Ek sy krige in dikke, lange sliert blommen om ' e nekke en sy krige earst ek in poeierke op ' e foarholle. Mei in pantsje mei in fjoerke derop waarden bewegingen makke en letter kaam de bregeman derby sitten. Doe wienen se dwaande mei in kokosnut, dy't se tegearre beethalde moasten. Ek op ' e kokosnut siet reade poeier. Se dienen rituelen mei de kokosnut en in pantsje mei in fjoerke derop en de banaan mei de wierookstokjes kamen wer op ' e lappen. Doe waard de kokosnut op in panne dien mei in hiele protte blomkes en riiskerrels derby. Elk fan de gasten koe in handsjefol blomkes/riis pakke en doe't elk wat hie, koenen we dat nei it breidspear tasmite. Yntiid wie der ek "musyk" by: in man dy't in soart fan toeter bespile en in man dy't in trommel bestjinne. Omdat der hiel folle minsken wienen, wie it in kabaal fan jewelste, allegear geluden troch elkoar hinne. Doe krigen se elk in sliert wite blommen dy't se elkoar om ' e nekke dwaan moasten. 3 kear. Doe krigen se beide in goud(kleurig?) dinkje om ' e foarholle festboun. Hjirnei krige earst de man in silverkleurige ring om ien fan syn teannen (troch wjerskynlik in femyljelid as freon) en doe moast de bregeman in ring om syn frou har twadde teantsje dwaan. Trouwde frouwen drage hjir in ring om ' e tean. Yn in bakje mei houtsjes/takjes brande in fjoerke en der lieten de man en frou in handsjefol siedsjes (?) ynglydzje. Hjirnei wie der wer in ritueel mei in kokosnut en dy waard yn ' e sari fan de frou opteard. Yntiid waard der folop fotografearre. 3 professionele fotografen wienen der! Se hienen it smoardrok en wienen ek wol brutaal, se stienen oeral tusken en foar de minsken. Der waard folle poseard, folle femyljefotos's waarden makke. Nirmal en ik moaten der ek oan gelove. Hjirnei waarden de kadoos joun. Se krigen waardefol spul sa as gouden sieraden en in horloazje. We ha us serfies oan harren taskikt. Se founen it mar tige moai dat ik der ek wie. Ik wie tige wolkom.
It wie tige gled op ' e flier yn de tempel, we seagen wol gauris in minske op ' e flier delfallen!! Hartstikke gefaarlik! Letter ha se der in matte dellein, mar dat wie mar op ien lyts plakje.
We ha de skuon wer op socht en binne doe yn de bus rekke en earst in iterijtsje opsocht. Wer hearlik iten han. Wer in dosa mei lekkere sauskes en in vada, in soart fan " koekje" mei pittige kruden deryn.
Hjirnei hat Nirmal my nei in plak ta brocht wer' t se froeger opgroeid is. It like wol in soart fan doarp. Der wie in opleiding en de minsken dy't der werke wenje der ek. It wie in hiele grutte opperflakte. Fanalles te dwaan der. Skoallen en in sportplak in tempel en in meetingroom, supermerke. Hiel folle natuer, hiel folle beammen. Ek apen en herten. Moatte ek skildpadden weze, mar dy ha ik net sjoen. Se is der beskermd opgroeid. Doe't har heit mei pensioen gie, binne se ferhuze nei de grutte sted.
It wie wol aardich om te sjen. Doe de bus werom mei us hostel. It waar siet us net mei, it reinde best. Gelokkich hienen we de paraplu wol by us. De strjitten steane hjoed wer blank. Al mei al foun ik it prachtich om dy rituelen fannemoarn mei te meitsjen!!
Jouw reisweblog?
Wat is jouw allerbeste foto? Deel hem nu op MyBestShot.com
Mijn reizen
India
06-12-11 : Tiruvannamalai
05-12-11 : werom fan de trip
04-12-11 : Mamalapuram
01-12-11 : Pondycherry
28-11-11 : Chennai
27-11-11 : trouwerij yn ' e tempel
26-11-11 : Hostel celebration day
26-11-11 : efkes op stap yn Chennai, 26 nov.
26-11-11 : 25 novimber 2011
25-11-11 : winkelje
25-11-11 : mei de bus
17-11-11 : Sikehus Chennai
21-11-11 : wikein 19 en 20 november 2011
17-11-11 : Chennai
16-11-11 : Chennai
10-11-11 : Chennai, myn earste yndrukken
19-10-11 : Binnenkoart nei India
Mailinglist
Houd me op de hoogte van Froukje's nieuwe berichten!
Geef Froukje meer ruimte!
Het ideale cadeau voor de reiziger: meer ruimte voor foto's! Al vanaf € 9,95! Geef Froukje extra ruimte!







Beheer je weblog