Froukje's weblog
Welkom op mijn reisweblog
Froukje's weblog
Welkom op mijn reisweblog
Welkom op mijn reisweblog! Lees hier alles over mijn belevenissen tijdens mijn reis.
Fanjoun bin ik werom kam fan de trip nei Mamalapurum en Kanchipurum. wat in protte yndrukken! Yn Mallamapurum bin ik fannemoarn noch efkes nei it stran west. Sjoen dat de fiskersboaten werom fan see kamen. Allemachtich wat in superlytse keale boatsjes wer ' t se de see mei op geane. In fisker sei tsjin my dat se net sa fier de see op gienen: mar 6 as 7 kilometer. En dat boatsje bestiet mar ut sa'n 5 dikke balken stiif tsjin elkoar oan, mear is it eins net. Ik stie tige ferbaasd hjirnei te sjen. Der binne ek wat gruttere boaten, dy ha der in moater by. Dy geane noch wat fierder de see op. As se werom komme dan fare se sa it stran op en mar safier mooglik op ' e wal te kommen. Dan keare se de boat oerdwars sadat de golven de boat ek noch in eintsje fierder it stran optille. En dan wurdt dat swiere ding mei in pear man fierder der wei tilt! Mei in stik tou u\onder de boat troch en dat oan in balke fest dy't se oer it skouder ha. Ferrekte swier. De fangst wie hjoed net sa goed, juster hienen se mear gelok. Ik seach dat se mar lytse fiskjes ut de netten weihellen. Dat soe nei de merke gean en dat soe 150 roepies opsmite.
Malamapuram is ek uniek fanwege de byldhouwkeunst! WIERE KEUNST. Ik wie der wei fan. Wat in fawurk. De mannen sitte sa in hiele dei de stien te bewerken. Se studearje hjir mar even 5 jier foar!
Ik ha hjir in moai skoft nei stien te sjen. Myn " moarnsbrochje" ha ik der ek han, mei it utsicht op de werom kommende boaten. Bysonder. Hjirnei ha ik de bus nei Kanchipuram naam: dat is ien fan de 7 hillige steden fan India. Doe't we mei de bus oankamen, hie ik it gefoel dat ik hjir fuort wol wer wei woe! It wie in kabaal fan toeterjende auto's en bussen en hiel stoffig. Marja, ik wie hjir no en der binne moaie tempels te sjen en ek in ashram. Dat ik ha mar in autoriksja hierd en de man wist krekt wer ' t ik weze moast. Geweldich moaie alde tempels, datearre: 7 e ieu! En allemachtich grut! en prachtich bewerkt!
It besoek oan de sahram is in apart ferhaal, komt letter. Ik sil myn nest opsykje.Ik ha wer in pear prachtige dagen meimakke.
Ek hjir wie in tempel wer't 2 oaljefanten stienen. Se namen jild oan yn de slurf en dan waard de persoan efkes mei de slurf " segene" troch efkes op ' e holle te "aaien".
Omdat ik dizze sted sa drok en stoffig foun, ha ik op it ein fan de middei de bus werom nei Chennai nam. Sa kin ik myn bagage ophelje en dan richting it suden gean. Yn Mamalapuram hie ik it gelok dat ik in boekwinkeltsje seach. Hjir hienen se goedkeape twaddehans boeken en hawar: ik ha in travelersbook fan sud-India foar in prikje kocht. It boek dat Sybren Jelle stjoerd hat, is net oankaam!
Er zijn nog geen reacties op dit bericht, dus zorg dat je de eerste bent!
Jouw reisweblog?
Wat is jouw allerbeste foto? Deel hem nu op MyBestShot.com
Mijn reizen
India
06-12-11 : Tiruvannamalai
05-12-11 : werom fan de trip
04-12-11 : Mamalapuram
01-12-11 : Pondycherry
28-11-11 : Chennai
27-11-11 : trouwerij yn ' e tempel
26-11-11 : Hostel celebration day
26-11-11 : efkes op stap yn Chennai, 26 nov.
26-11-11 : 25 novimber 2011
25-11-11 : winkelje
25-11-11 : mei de bus
17-11-11 : Sikehus Chennai
21-11-11 : wikein 19 en 20 november 2011
17-11-11 : Chennai
16-11-11 : Chennai
10-11-11 : Chennai, myn earste yndrukken
19-10-11 : Binnenkoart nei India
Mailinglist
Houd me op de hoogte van Froukje's nieuwe berichten!
Geef Froukje meer ruimte!
Het ideale cadeau voor de reiziger: meer ruimte voor foto's! Al vanaf € 9,95! Geef Froukje extra ruimte!







Beheer je weblog