Froukje's weblog
Welkom op mijn reisweblog
Froukje's weblog
Welkom op mijn reisweblog
Welkom op mijn reisweblog! Lees hier alles over mijn belevenissen tijdens mijn reis.
It wikein is ek al wer achter de rech.
Saterdei bin ik mei Nirmal nei "the mount Thomas" west, mei de trein der hinne. De frouwen kinne apart fan de mannen sitte, in coupe apart foar de frouwen. De coupe wer't mannen yn sitte, der meie de frouwen wol yn komme. Der wie in froulike plysje dy't de boel wat yn ' e gaten houde. It wie smoardrok yn de trein en de plysjefrou tikke efkes mei in stok op ' e muorre yn de trein.The mount Thomas is in berg wer ' t de apostel Thomas martele is en der stiet no in tsjerke mei in relykwy fan him deryn. Yn it jier 52 moat hy nei India gien weze om it efangeelje te ferkondigjen. Yn de tsjerke wie in krus mei in stikje fan syn bonke. Fierder ferskillende hillige figuren. Ek in byld fan in frou dy't swier wie. Buten stie in stanbyld fan de paus en ek ien fan mem Theresa. Sjochst hjir wol gauris in byld/portret fan mem Theresa. De paus is hjir yn 1983 west, op dizze mount Thomas. Doe moatte hjir in hiele protte minsken ek kaam weze. Hjirnei noch in tjkerke der flak by besjoen. doe't it efkes " stil" wie, hearde ik yn dy tsjerke geluden fan de moskee, oprop ta gebed. It tilt hjir op fan tsjerken en tempels.
Snein 20 november 2011.
Ik bin al wer 2 wiken yn it Asha Nivas hostel. Fannemoarn om 6.30 oere al opstean. Mei Nirmal en Ancy bin ik nei de preek west, nei de st.Endrew church. Protestant. Doe werom nei it hostel om us breakfast te nimmen. By elkoar op keamer iten. Ek foar dizze froulju is iten hiel belangryk. Se skeppe faaks 2 x op. Se ite hjir altyd mei de hannen. Soms doch ik dat ek mei, mar soms yt ik ek wol mei in leppel. Middeis mei Nirmal nei it government museum west. Nirmal moast 15 roepees betelje en in"foreigner" moat 250 R. betelje. Nouja. Hjir wienen prachtige bylden en skilderijen te sjen en yn in oar gebou skeletten en opstoppe bisten.Net onaardich om te sjen. Hjirnei ha we in kadootsje kocht. Ik wie de jouns utnoege om nei in seremony te gean by in femylje werfan de dochter yn de puberteit kaam wie. En dat wurdt fiert.
Ik ha op adfys fan Nirmal in moaie doaze mei make-up spul kocht. Ik bin om 16 oere mei de bus fanof myn hostel gien en wie om 17 oere by it sikehus wer't we elkoar treffe soenen om mei elkoar derhine te gean. By de femylje krigen we earst 2 x in bakje kofje. Doe ha we in aardich skoftsje wachtsje moatten en doe kaam der in hiel moai jong fanke binne, prachtich yn de klear en hiel folle moaie bolommen yn it hier. Der stienen ferskillende attributen dy't ik mar moailik omskriuwe kin. Allerhande spul yn skaaltsjes stienen op ' e groun. Ferskillende froulju dienen rituelen mei har, sa as blomkes oer har holle te dwaan, stipke mei reade poeier op ' e foarholle enz. It fanke liet it allegear mar wat oer har hinne komme. Dit hat sa'n 3 kertier duorre. Der wie ek in fotograaf dy't hiel folle foto's makke. Ik ha ek mar efkes meidien. Doe krigen we noch in hearlik miel iten. It waard klearsetten op in moai grien bananebled. Op ' e groun sitte, lekkere riis, wat swiets, rauwe sipel yn in wite floeistof en mixed griente. hearlik. Allinne om sa op ' e groun te sitten foel net ta. Doe moast ik de bus ek al wer nimme en wie ik goed 21 oere wer op myn honk. it wie tige nijsgjirrich om mei te meitsjen. Dit ritueel moat allinne mar by de hindoes yn dizze staat (Tamil Nadu) gebrukelik weze. Ik wie der tige wolkom. In jongkeardel hat my efkes netsjes nei it busstasjon brocht. Al mei al in hiele bysondere arfaring.......
Jouw reisweblog?
Wat is jouw allerbeste foto? Deel hem nu op MyBestShot.com
Mijn reizen
India
06-12-11 : Tiruvannamalai
05-12-11 : werom fan de trip
04-12-11 : Mamalapuram
01-12-11 : Pondycherry
28-11-11 : Chennai
27-11-11 : trouwerij yn ' e tempel
26-11-11 : Hostel celebration day
26-11-11 : efkes op stap yn Chennai, 26 nov.
26-11-11 : 25 novimber 2011
25-11-11 : winkelje
25-11-11 : mei de bus
17-11-11 : Sikehus Chennai
21-11-11 : wikein 19 en 20 november 2011
17-11-11 : Chennai
16-11-11 : Chennai
10-11-11 : Chennai, myn earste yndrukken
19-10-11 : Binnenkoart nei India
Mailinglist
Houd me op de hoogte van Froukje's nieuwe berichten!
Geef Froukje meer ruimte!
Het ideale cadeau voor de reiziger: meer ruimte voor foto's! Al vanaf € 9,95! Geef Froukje extra ruimte!







Beheer je weblog